Boargemaster Menameradiel wol brokstik strieljager hâlde

06 jul 2016 - 19:49

As in stik fan de delstoarte Switserske strieljager yn Fryslân bliuwe kin, betellet de gemeente Menameradiel de eigen rekken foar de berging. Dat sei boargemaster Van Mourik yn it Omrop Fryslân-programma Weistra op wei. Dizze dagen wurdt it wrakstik fan de F-5, dat begjin juny by Bitgum delstoarte, burgen.

Ferskate fleantúchspotters ha Van Mourik al frege oft der net in stik fan it wrak as oantinken bliuwe kin. De boargemaster hat syn each falle litten op de sturt fan de strieljager, mei dêrop in ôfbylding fan de Switserske flage.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)