Blessearre turnster Lisa Top kin dochs nei Rio

Lisa Top by Harm Weistra yn de studio © Boy Roeles
De blessearre turnster Lisa Top fan It Hearrenfean kin dochs mei nei Rio de Janeiro om har teamgenoaten oan te moedigjen op de Olympyske Spelen. Se hie har mei de Nederlânske turnfroulju pleatst foar Rio, mar doe skuorde se op in training har krúsbân en rekke har meniskus slim blessearre. Dêrtroch kin se net meidwaan oan de Olympiade.
Leafhawwers fan de turnsport setten in aksje op foar Lisa, sadat se dochs meikoe. It totaalbedrach fan 4000 euro foar har reis en ferbliuw is no byinoar sammele en dus kin de turnster nei Brazilië.