Wetterskip ûndersiket wetter mei ûnderwetterdrones

06 jul 2016 - 18:24
  • Underwetterdrone (argyffoto)

Wetterskip Fryslân set fan moandei ôf op ôfstân bestjoerbere dûkboatsjes yn. Dizze ûnderwetterdrones wurde brûkt om ûndersyk te dwaan nei planten en bisten yn it wetter en nei de wetterkwaliteit. It giet om in proefprojekt dat opset is mei help fan hegeskoalle Van Hall Larenstein.

Yn de drones sitte kamera's om ûnder wetter bylden te meitsjen. Wilens de proef moat dúdlik wurde oft de miny-dûkboaten echt goed ta te passen binne foar ûndersyk fan it Wetterskip.

Moandeitemiddei wurde de earste ûnderwetterdrones offisjeel yn gebrûk naam. Dat bart nei in feestlike gearkomste by de hegeskoalle yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)