Finansjeel tafersjoch op gemeente Hearrenfean opheft

06 jul 2016 - 17:14
  • it gemeentehûs fan de gemeente Hearrenfean

De gemeente Hearrenfean stiet net langer ûnder finansjeel tafersjoch fan de provinsje. Tongersdei wurdt it der offisjeel ôfhelle. Yn 2013 waard it tafersjoch ynsteld. Hearrenfean moast doe in soad jild ôfskriuwe op grûn dy't it yn besit hie. Benammen yn de omjouwing fan it klaverblêd. It slagge dêrnei net mear om de begrutting slutend te krijen.

Gefolch fan it tafersjoch wie dat de alle finansjele beslissingen foarlein wurde moasten oan de provinsje. De ôfrûne jierren is troch it gemeentebestjoer foars besunige.

Dy maatregels jouwe de provinsje no genôch fertrouwen dat de gemeente de finânsjes wer op de rit hat. De gemeente Hearrenfean is bliid dat it tafersjoch der no ôf is. Wethâlder Jelle Zoetendal seit lykwols dat se der noch lang net binne. Sa moat der noch mear jild rjochting de reserves.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)