Gaslek feroarsake by wurk yn Drachtster tún

06 jul 2016 - 17:02

Op it Oerterperein yn Drachten is woansdeitemiddei in gaslek ûntstien. Der waard wurke yn de tún fan in wenhûs en dêrby waard in gaslieding rekke. Ferskate helptsjinsten waarden oproppen, wêrûnder de brânwacht. Dy hat mjittingen dien. Der wie lykwols gjin gefaar foar de omjouwing.

It gasbedriuw is oproppen om it lek yn de gaslieding ticht te meitsjen.

Trefwurden: 
gaslek gaslieding tún Drachten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)