Toeristen helje plattegrûn fan Ljouwert út 'kaartdispenser'

06 jul 2016 - 16:38

Toeristen yn de binnenstêd fan Ljouwert kinne fan no ôf op alle mominten fan de dei in plattegrûn fan de stêd út in automaat helje. Op it Saailân is in saneamde 'kaartdispenser' delsetten. De plattegrûn dy't der út komt is fergees.

De gemeente Ljouwert wol sa de gastfrijheid fan de stêd fergrutsje. Op de plattegrûn stiet ek allegear oare ynformaasje oer de stêd. Op de kaarten steane alfêst de logo's fan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018. De útjefte bart yn gearwurking mei mei it VVV yn Ljouwert, KunstKade en Ljouwert2018.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)