Ferboude Makro biedt romte oan lytse ûndernimmingen

06 jul 2016 - 16:19
  • Makro

De Makro yn Ljouwert is woansdei weriepene. De gruthannel is as ien fan de earste Makro's yn Nederlân ferboud. Ek sil der de kommende trije jier tawurke wurde nei in nij konsept.

Troch de ferbouwing is der romte kaam foar lytse ûndernimmingen, oare winkels, fergaderromte en moetingsplakken. Makro wurdt sa, njonken in winkelbedriuw, ek oanbieder fan tsjinsten foar tredde partijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)