Friese Poort en jachtbouwer wreidzje gearwurking út

06 jul 2016 - 16:03

De gearwurking tusken ROC Friese Poort en De Vries Scheepsbouw yn Makkum wurdt fierder útwreide. It besteande bedriuwsopliedingssintrum wurdt omfoarme ta in Yacht Builders Academy. Hjiryn wurde de opliedingen fierder ûntwikkele.

Studinten krije tenei yn in echte wurkomjouwing by de jachtbouwer harren lessen en masterclasses oanbean. Der wurdt al jierren omtinken frege foar it driigjende tekoart oan goed oplate fakminsken yn de maritime sektor. De oplieding hopet mei de omfoarming mear learlingen te krijen.

De Yacht Builders Academy rjochtet har benammen op vmbo- en havo-learlingen, minsken dy't ynstreame fanút in oare funksje en meiwurkers dy't harren nivo ferheegje wolle.

Om noch fierder oan de grutte fraach oan heech oplate minsken te foldwaan, wurdt der ek noch in nije oplieding opset: Jachtskilder nivo 4. Neffens Wietse Schuitema, direkteur fan lokaasje Snits fan ROC Friese Poort, is sa'n oplieding hurd nedich.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)