Cambuur oefenet yn Epe tsjin bûtenlânske klups

It fuotbalfjild van SC Cambuur © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Sportklup Cambuur spilet yn july oefenwedstriden tsjin in Turkske en in Grykske klup. It giet om Altinordu SK út Turkije, en Asteras Tripolis út Grikelân. De lêste wedstriid is in wike foardat de Jupiler League offisjeel úteinset foar de Ljouwerter klup.
Beide wedstriden wurde spile mei it trainingskamp yn Epe. Altinordu SK komt út yn de ien nei heechste klasse yn Turkije. Asteras Tripolis komt yn Grikelân út op it heechste nivo, en spile ferline jier noch yn de groepsfaze fan de Europa League tsjin klups lykas Schalke 04 en Sparta Praag.