Henk de Jong yn 'e slach mei it UWV

Henk de Jong ferlit it Cambuurstadion neidat er dêr opstapt is © ANP
Henk de Jong is lilk op it UWV, sa meldt de NOS. De âld-coach fan Sportklup Cambuur frege in útkearing oan, en hie dêr nei eigen sizzen ek rjocht op, mar de âld-trainer krige dizze net. De Jong naam yn febrewaris ûntslach by SC Cambuur, mar krige wol oant 1 july trochbetelle.
Fan febrewaris ôf hat er sûnder wurk sitten, mar fan 1 augustus ôf sil er oan de slach by FC Grins as kommersjeel meiwurker. Oant dy tiid soe er graach in útkearing krije wolle, mar de UWV wol hjir net oan.