Der moat dúdlikens komme oer berne-opfang Dongeradiel

06 jul 2016 - 13:29

Fjouwer partijen yn de gemeente Dongeradeel hawwe in spoeddebat oanfrege. Der is noch hieltyd in soad oandúdlikheid foar de meiwurkers fan pjutteboartersplakken yn de gemeente.

Yn april gong berne-opfang Sisa fallyt, wêrtroch alle meiwurkers fan pjutteboartersplakken gjin baan mear hawwe. Yn de tuskentiid hawwe oernamekandidaten har wol melden, mar wethâlder Pytsje de Graaf fan ûnderwiis en ûnderwiishúsfesting hat noch hieltyd gjin hantekening ûnder in kontrakt set.

En dat wylst der in oernamekandidaat is dy't de meiwurkers fêste kontrakten jaan wol, ynklusyf opboude rjochten. Dat de meiwurkers noch hieltyd net witte oft se wer in baan krije, fine de PvdA, ChristenUnie, VVD en Dongeradeel Sociaal net earlik. It spoeddebat sil tongersdeitejûn plakfine.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)