Ljouwerter jongen ambassadeur postsegelkampanje

06 jul 2016 - 12:33
  • Gregory lit fotoboek sjen oan filmploech

De 12-jierrige Gregory Daraji út Ljouwert is it gesicht fan de nije bernepostsegelkampanje dy't yn septimber fan start giet. Ien fan de tema's dit jier is: pleechsoarch. Gregory wennet syn hiele libben al yn in pleechgesin yn Ljouwert. Hy wie 10 dagen âld doe't syn pleechâlden him út it sikehûs ophellen. Woansdei hat in kameraploech Gregory de hiele dei filme en yn septimber wurdt dat filmke útstjoerd. Gregory mei dan ek de allerearste bernepostsegel oanbiede oan in bekende Nederlanner. Wa't dat is, is noch geheim.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)