Berging Switsersk fleantúch by Bitgum

Woansdeitemoarn is úteinset mei de berging fan it delstoarte fleantúch fan de Patrouille Suisse. It F-5 gefjochtsfleantúch stoarte op 9 juny, ien dei foar de iepen dagen fan de loftmacht, del by Bitgum.
Yn de ôfrûne wiken binne der ferskate maatregels naam yn tarieding op de berging. Sa binne der ûnder oare boaium- en wettermeunsters naam. Firma Leemans út Vriezenveen sil it fleantúch út it wetter njonken de tomatekas yn Bitgum helje. Der is al in damwand pleatst en it wetter is fuortpompt sadat it fleantúch drûch komt te lizzen.
De parse wie fan 'e moarn wolkom op it plak fan it ûngemak.