Fryslân kin mei nije busferfierder Europa yn

© ANP
Reizgers yn Fryslân hawwe der fan moarn ôf in nije ferfierder derby. De FlixBus set dan útein mei rjochtstreekse busferbiningen tusken Drachten en ferskate stêden yn sawol Nederlân as België en Dútslân. Under oare Hamburg, Bremen, Oldenburg, Kiel en Leer binne streekrjocht fanút Drachten te berikken. En mei in oerstap is hast hiel Europa fanút Fryslân te berikken.
FlixBus hat yn totaal 900 bestimmingen yn 20 lannen. It is de bedoeling dat der de kommende moannen noch mear ferbiningen fanút Fryslân by komme.
"We zijn blij om met Drachten onze eerste stad in Friesland aan te sluiten. Ons doel is slimme en groene mobiliteit in Europa, de aansluiting van Friesland is hierbij een verdere stap." sa seit André Schwämmlein, oprjochter fan FlixBus.