Kollum: "Brêgepraat"

De Toan fan Eelke Lok © Omrop Fryslân
Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side Eelkesweblok.nl.
"Nederlân moat oppasse. Wy Friezen bin oan de ein fan ús geduld. Nee, ik ha it net oer dy tritich lêste sosjaal demokraten dy’t hjir noch tusken de normale lju trochrinne. Dy ha dit wykein mei Diederik Samsom yn in âld-kristlik ûnderkommen yn Sint-Anne sitten. It wie net iens iepenbier. Mar der wiene wol foto’s fan. Se stiene mei de fûst omheech. Ien frege sels wêr’t Domela Nieuwenhuis bleau. Dy âlde lju bin fergetten dat Ferdinand net in sosjaaldemokraat wie, mar in anargist. As ús oerpake út Beets rôp fan “O Ferlosser, kom”, dan kaam Domela. Mar as Lutz ropt komt hy net mear. Dus dêr woe’k it ek mar net mear oer ha. Der is wat slimmers oan de hân. Minsken kin Fryslân net mear ynkomme. De Hollanners dy’t we yn 1345 de see wer ynjage ha, wolle der no ek net mear yn. Dy ha stikem de brêge en de slûs yn Koarnwertersân fernield. Allegeduerich stiet it ferkear op de Ofslútdyk stil. Trije oere fertraging, hear je de fileman dan op de radio sizzen; hy kin suver it gnizen net litte.
It is noch folle slimmer. Dy Hollanners ha no ek de brêge yn de A6 fernield, dy by Scharsterbrêge. Je wolle dêr eins al noait lâns fanwegen dat geskuor by de dochs al net te nimmen Jouster rotonde. Se ha no trije webcams ynstallearre, kin je op sjen dat it noch wol trije jier duorret foardat it klear is. Mar no ha se de brêge ek noch sa skansearre dat it dêr ek geregeld stilstiet. Ik sil jim wat fertelle. Tusken Amsterdam en Bremen sit noch ien stopljocht. Dat stiet yn Grins op de ôfslach nei Assen. Dat wurdt foar 160 miljoen sa ferbettere dat der aanst gjin stopljocht mear stiet. Dan is de iennige obstruksje foar it ferkear tusken Amsterdam en Bremen noch de brêge oer de Skarster Rien. As dêr twa âlde minskjes mei har boatsje farre, mei in lyts mêstke derop, en dan bin se krekt oer de 3.56: ja dan moat dy brêge iepen. Want de Fryske gastfrijens seit dat dy lju nei de Tsjûkemar kinne moatte. Mar no ha dy Hollanners de brêge sa kapot makke, dat as er iepengiet, dan wol der net mear ticht. Yn Hilversum sitte se al wer te gnizen, seis oeren fertraging. De monteur wennet leau ’k yn Breda. Hy sei ik ha der in pompstikje ynset hear, klear. Dat wie it net, twa dagen letter al wer maleur. Jim witte it, monteurs dy’t sizze dat it klear is, soargje der foar dat se minstens noch tsien kear oan de bak kinne, want wy kloaten betelje wol troch. En by in brêge moat we wol.
Dy monteurs ha gelyk. De flaters bin nammentlik yn it ferline makke troch politisy. Wy prate nammentlik wolris mei Rykswettersteatlju. Dus witte wy al jierren dat dy brêgen en slûzen op de Ofslútdyk net doge. Wettersteat hat al jierren lyn sein, kin we dan no net goed meitsje. Nee, it moast wachtsje oant dat we der oer út binne wat we allegearre mei dy Ofslútdyk wolle. Fryslân foarop. Tweintich miljoen komt der no foar alderhande projekten. Brêgen? Nee, gjin brêgen. De fisken kin aanst moai fan Waad nei Iselmar swimme en sjen nei stilsteande auto’s en stillizzende skippen.
Doe’t de plannen foar it ombouwen fan de Jouster rotonde, kamen, waard tasein dat de brêge der tichteby in akwadukt wurde soe. Sa’t dat heart yn dy ferbining Amsterdam-Bremen. Mar de minister fûn it tefolle jild foar Fryslân. Lit dy brêge mar lizze sei se. Ik wit noch dat deputearre Piet Adema ferskuorrende lilk wie. De ChristenUnie man hat sels flokt. Sels dêr skrokken se yn Den Haach net fan. Sterker, Keamerlid Sander de Rouwe hie wat dramt oer dat akwadukt, en doe’t it CDA wer út it regear wie ha se gau Skarsterbrêge skrast. En no is it dochs wol skandalich dat krekt no't Sander deputearre is, dy brêge ek noch stikken giet. Skandaaaaalich.
Deputearre Sietske Poepjes hat har nocht. Net ien kin Fryslân mear yn. Unrjocht. En ek noch it CDA narje. Se hat de fûst oprôle en him nei Den Haach omheech stutsen. As jim dy brêgen net daliks meitsje dan…. Ja wat dan Sietske?"