Twa Friezen yn WK atletykploech foar Poalen

© Erik van Leeuwen
Wout Zijlstra jr. en Rody de Wolff binne no definityf oanwiisd foar de wrâldkampioenskippen atletyk foar junioaren. De twa Fryske atleten fan it Snitser Horror sille mei in ploech fan tweintich, sân manlju en trettjin froulju, fan 19 oant en mei 24 july yn Bydgoszcz (Poalen) stride om de medaljes.
Wout Zijlstra komt út op de ûnderdielen kûgelstjitten en diskussmiten, Rody de Wolff op de tsienkamp.