Nije rjochtsaak tsjin oanstelling ynterim-direkteur Caparis

De ûndernimmingsried fan Caparis set it koart pleit tsjin de oanstelling fan de nije ynterim-direkteur troch. Dat is tiisdeitejûn sein by de ekstra riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwert oer de kwestje.
Wethâlder Sjoerd Feitsma is teloarsteld oer de nije rjochtsaak. Hy hie ôfrûne freed tegearre mei de oare wethâlders fan de belutsen gemeenten oproppen ta rêst. Neffens Feitsma hat Caparis ferlet fan in ôfkuollingsperioade om wer mei elkoar om tafel te kommen. It is al langere tiid rebûlje by Caparis.
Benammen de ûndernimmingsried en de ried fan kommissarissen hawwe al langer spul. Neffens Feitsma giet dat benammen ten koste fan it personiel.