SC Cambuur wint oefenduel tsjin FC Emmen mei 1-0

05 jul 2016 - 21:47

Cambuur hat tiisdeitejûn de oefenwedstriid tsjin Emmen mei 1-0 wûn. De wedstriid waard spile yn Kollum. Yn de earste helte krigen beide teams kwealik kânsen en se gongen dan ek mei 0-0 de rêst yn. Yn de twadde helte stjoerde trainer Rob Maas in folslein oar alvetal it fjild yn.

Yn de 57e minút krige Serge Hoefdraad in kâns, mar de bal gie der net yn. Yn de 82e minút ûntkaam Cambuur oan in efterstân doe't in skot fan Emmen mar krekt neist gie. De dêrút folgjende oanfal fan Cambuur einige yn de befrijende winnende treffer fan Raymond Gyasi.

Gyasi gie allinnich op de keeper ôf en makke it kreas ôf troch de de bal efter keeper Telgenkamp yn de touwen te sjitten.

Opstelling

Earste helte: Leonard Nienhuis; Djavan Anderson, Chiró N’Toko, Gino Bosz, Delvechio Blackson; Milan Vissie, Erik Bakker, Sander van de Streek; Ashley Constancia  Martijn Barto en Xander Houtkoop.

Twadde helte: Harm Zeinstra; Jordy van Deelen, Omar El Baad, Matthew Steenvoorden, Marvin Peersman; Daniël van Warven, Jamiro Monteiro, Dominik Masek, Jergé Hoefdraad; Raymond Gyasi en Rowdy van der Putten, 


 
 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)