Spesjaal fûns oprjochte foar kânsearme minsken

05 jul 2016 - 20:24

De provinsje lûkt tusken no en 2019 3,6 miljoen euro út foar it helpen fan minsken dy't op wat foar wize dan ek kânsearm binne. It giet dan bygelyks om minsken dy't net goed lêze en skriuwe kinne of minsken dy't troch earmoede net fierder komme.

It jild komt yn in spesjaal Kânsefûns dat fan tiisdei ôf iepensteld is foar oanfragen. Organisaasjes dy't mei in goed projekt komme om minsken te helpen, kinne in berop dwaan op dat fûns. De projekten moatte wol provinsjebreed ynsetber wêze.

Deputearre Michiel Schrier is wiis mei it fûns. "Wij vinden als college belangrijk dat iedereen in Fryslân in staat is om mee te doen. Helaas zijn er nog steeds mensen die buiten de boot dreigen te vallen. Die mensen moeten we een handje helpen. Met dit Kansenfonds hebben we daar een geweldig instrument voor."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)