Provinsje jout 7 miljoen euro foar ferpleatsing buorkerijen

05 jul 2016 - 20:09
  • Greidbuorkerij

De provinsje stelt sân miljoen euro beskikber foar boeren dy't harren bedriuw ferpleatse wolle. Dat kin wêze omdat dat better is foar de ferkaveling, de natuer of it lânskip. De subsydzje is allinnich foar boeren mei in bedriuw dat leit yn in gebiet dat de provinsje dêrfoar oanwiisd hat.

It jild kin ek brûkt wurde foar ynvestearringen op de nije lokaasje of yn in nije ynventaris nei de ferpleatsing. Foar it ferpleatsen fan in bedriuw is maksimaal 100.000 euro beskikber, foar ynvestearringskosten op syn meast 400.000 euro.

Deputearre steaten hawwe besletten de regeling oant 2021 iepen te stellen. "Met deze subsidieregeling geven we een impuls aan zowel de gebiedsontwikkeling in Fryslân alsook aan agrarische ondernemers", stelt deputearre Klaas Kielstra. "Voor agrarische ondernemers is dit een kans om hun bedrijf te verplaatsen naar een gebied waar ze een beter perspectief zien voor de toekomst."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)