Gjin goud foar Bouwmeester

27 apr 2012 - 15:28

Sylster Marit Bouwmeester is der yn it Frânske Hyères net yn slagge har kopposysje te behâlden. Yn de Laser radial klasse einige de stjoerfrou út Warten yn de medaljerace as sânde. Troch dizze prestaasje falt sy yn it einklassemint werom nei it tredde plak.

De Sinese Lija Xu pakte it goud. Sy einige yn de finale as tredde. De Belgise Evi van Acker lei beslach op it sulver.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)