Snitser bedriuw Snakeware mei Hololens Microsoft teste

It Snitser bedriuw Snakeware giet as ien fan de earste bedriuwen yn Europa oan de slach mei de saneamde Hololens. De spesjale bril is ûntwikkele troch Microsoft en moat mooglik de opfolger wurde fan Virtual Reality.
Mei de bril sjogge je alles om je hinne, mar der komt ek noch in digitale laach oer de werklikheid hinne. Sa kinne je bygelyks ynformaasje oer skilderijen sjen of fan in bepaald gebou hoe't it der earder út sjoen hat. De Hololens makket gebrûk fan trijediminsjonale hologrammen.
Mei de Hololens kinne je dan bygelyks ek in sabeare skerm op de muorre projektearje litte, dy't je dan allinnich mar sjogge as je de bril op hawwe. Microsoft hat Snakeware útkeazen om de bril út te testen en der tapassingen foar te betinken. It duorret noch seker in pear jier foardat er yn de winkel leit.