Dutch Solar Challenge pleage troch hurde wyn

05 jul 2016 - 18:29

De Dutch Solar Challenge waard tiisdei pleage troch it minne waar. De boaten op sinne-enerzjy hiene in wedstriidetappe fan De Lemmer nei Drachten, mar fanwegen de hurde wyn waard in part fan de dielnimmers by Akkrum út it wetter helle. Boaten dy't al foarby Akkrum wiene, krigen de kar om troch te gean of te stopjen.

Neffens de organisaasje koe it de feiligens van de dielnimmers net mear garandearje. Earder op de dei waarden al fyftjin boaten tsjinholden op de Langwarder Wielen. Ek dy binne út it wetter helle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)