Van Haersma Buma wol list lûke

Van Haersma Buma © ANP
CDA-fraksjefoarsitter Sybrand van Haersma Buma wol listlûker wurde fan it CDA. De âld-Warkumer hat dit freed wite litten oan partijfoarsitter Peetoom. "Ik sil der stean foar it CDA, foar in fernijd CDA", sei hy op in parsekonferinsje yn Den Haach. Van Haersma Buma is de earste lanlik bekende CDA'er dy't him meldt.
Van Haersma Buma is oardel jier fraksjefoarsitter fan it CDA. Hy tinkt dat hy in goeie kandidaat is, omdat it him slagge is om de ienheid yn syn fraksje te bewarjen yn in drege tiid. Mei de PVV wol er net mear gearwurkje.
It CDA-partijbestjoer makke earder dizze wike bekend dat de leden de nije lieder kieze meie. Der binne oant no ta trije kandidaten. Njonken Van Haersma Buma binne dat foarsitter Wintels fan Hegeskoalle Fontys en CDA-lid Wesselink út Nijmegen. Oare gadingmakkers foar de funksje fan listlûker kinne harren melde oant 4 maaie.