Dielnimmers keunstfestival meitsje kâns op reis nei Spanje

Keunstner oan it wurk yn Spanje
Jonge Fryske keunstners dy't meidogge oan it Media Art Festival yn desimber meitsje kâns op in reis nei Spanje. Se kinne in moanne yn de stêd Blanca oan de slach mei artistyk ûndersyk en it meitsjen fan keunst.
De organisaasje fan it Media Art Festival wurket gear mei in Spaanske susterorganisaasje om dat mooglik te meitsjen. Beide keunstynstellingen leauwe bot yn de gearwurking en ha besletten om kunde te dielen en it jild dat se ha, mei inoar sa tûk mooglik yn te setten. Se mikke op nij talint dat noch net sa lang aktyf is as keunstner.