Omrop Fryslân krijt strukturele bydrage fan provinsje

05 jul 2016 - 16:38

Omrop Fryslân krijt de kommende jierren struktureel goed 650.000 euro oan finansjele stipe fan de provinsje. Boppedat komt der in Mediaried dy't de posysje fan Omrop Fryslân en it Frysk beweitsje moat. Dat is de útkomst nei moannen fan oerlis tusken de provinsje en it Ryk.

De omrop giet, as alles neffens plan ferrint, op 1 jannewaris op yn in lanlike regionale omroporganisaasje, de RPO. Dan moat der jierliks mear as in miljoen euro besunige wurde. Dat feroaret net, mar der stiet no dus wol in flinke bydrage fan de provinsje tsjinoer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)