UPDATE: Belgysk binnenskip sinkt op Iselmar by Starum

05 jul 2016 - 16:50

Op seis kilometer út de kust by Starum is in Belgysk binnenfeartskip 'Alvsin' sonken. Der wiene trije minsken oan board, sy binne út de stjoerhutte helle. Dy stie healfol wetter en dêrtroch is ien fan de opfarrenden ûnderkuolle rekke. De opfarrenden binne by Starum oan wâl brocht en dêr neisjoen troch ambulânsepersoniel.

Der wiene seis rêdingsboaten, in fleantúch en in rêdingshelikopter fan de Kustwacht oproppen om help te ferlienen. Wat de oarsaak west hat dat it skip sonken is, is net bekend. 

Om de efterkant fan it skip is in oaljeskerm pleatst en der is in begjin makke mei de berging. It skip ferfierde izerslakken. Neffens de KNRM stiet it skip stabyl mei de stjoerhutte boppe wetter.

Bylden fan de skipbrek (KNRM):

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)