PvdA Grins wol oanheakje by Kulturele Haadstêd 2018

05 jul 2016 - 15:11
  • Kulturele Haadstêd 2018

Grins moat mei in eigen programma oanslute by Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018. De PvdA dêr freget oan har kolleezje fan b. en w. om in plan hjirfoar te meitsjen. "Er komen dan miljoenen toeristen naar Friesland, onder wie veel Duitsers", sa seit PvdA-riedslid Diederik van der Meide. "Een aanzienlijk deel van hen rijdt via Groningen." 

It riedslid sjocht goeie kânsen foar Grins om oan te heakjen by de Fryske eveneminten. Mei eigen kulturele ynstellingen, Marketing Grins en de provinsje Grinslân wol it riedslid it Ljouwerter feest stypje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)