Erwin Zeinstra: Spitich dat it EK foarby is

Assistint-skiedsrjochter Erwin Zeinstra fan Dronryp is teloarsteld dat hy en de oare leden fan it team Björn Kuipers net mear yn aksje komme by it Europeesk kampioenskip fuotbal yn Frankryk. Dochs is er ek grutsk op de wedstriden dêr't se de lieding oer hân ha. Dat wiene Dútslân-Poalen en Kroäsië-Spanje yn de pûlefaze en Frankryk-Yslân yn de kwartfinale.
Penalty Spanje
It momint dêr't in soad diskusje oer kaam, wie de penalty dy't Kuipers jûn hat oan Spanje yn de wedstriid tsjin Kroäsië. De Kroätyske keeper stie fierstente fier foar syn goal. En Spanje miste de penalty ek noch. It wie de iennichste fout fan it team, seit Zeinstra.
WK 2018
Björn Kuipers hat ûndertusken oanjûn dat er trochgean wol oant it WK fan 2018 yn Ruslân. Zeinstra is dan ek wer fan de partij, hopet er.