Toerisme yn Koudum skoart goed

Koudum docht it goed by de toeristen. Mar leafst trije toeristyske ûndernimmers út it doarp binne nominearre foar in Zoover Award. It giet om de B&B Perruque, minycamping Venema en fakânsjepark De Kuilart. Akkommodaasjes moatte in skoare fan 8,5 of heger krije fan de klanten om yn oanmerking te kommen foar de priis. Zoover.nl is in webside wêrop't toeristen witte litte kinne hoe't se tinke oer harren fakânsje-adres. De trije Koudumer akkommodaasjes stride net tsjin inoar. Se komme allegearre út yn oare kategoryen.
Miening fan klanten
Perruque falt ûnder de kategory Bed & Breakfast en pensjon. Minycamping Venema falt ûnder Charmecampings en fakânsjepark De Kuilart striid mei yn de kategory grutte campings. De prizen binne wichtich foar de ûndernimmers om't se basearre binne op de miening fan klanten. Der kin stimd wurde fan 4 july oant 4 septimber, op 29 septimber wurde de priiswinners bekend makke by in spesjale Award Show.