Crashte F-5 Bitgum wurdt woansdei burgen

It delstoarte fleantúch fan de Patrouille Suisse wurdt woansdei burgen. It F-5 gefjochtsfleantúch stoarte op 9 juny, ien dei foar de grutte iepen dagen fan de loftmacht, del by Bitgum.
Yn de ôfrûne wiken binne der ferskate maatregels naam yn tarieding op de berging. Sa binne der ûnder oare boaium- en wettermeunsters naam. Firma Leemans út Vriezenveen sil it fleantúch út it wetter njonken de tomatekas yn Bitgum helje.
Der is al in damwand pleatst. Tiisdei wurdt it wetter fuortpompt sadat it fleantúch drûch komt te lizzen. Dêrnei kin it fuorthelle wurde.