Aldegeaster (21) komt om by auto-ûngelok yn Drinte
In 21-jierrige man út Aldegea (Smellingerlân) is moandeitejûn om it libben kaam by in iensidich auto-ûngelok by Roderesch yn Drinte.
De oarsaak fan it ûngelok is noch ûndúdlik. De plysje docht dêr ûndersyk nei. Foar it ûngefal waarden de brânwacht, in tal ambulânses en in traumahelikopter oproppen.