Team Clafis wint de prolooch fan Dutch Solar Challenge

04 jul 2016 - 22:59

De prolooch fan de Dutch Solar Challenge is moandei wûn troch it team fan Clafis Victron Energy út Ljouwert. De boaten binne ôfrûne wykein starten yn Amsterdam en moandei nei De Lemmer kommen foar de prolooch. De finish is sneon yn Ljouwert. Foar de winner fan de prolooch wie in priis fan de gemeente De Fryske Marren.

Der wiene ek twa awards foar de meast duorsume teams, dy giene nei it team fan Van Hall Larenstein Nordwin út Ljouwert en de universiteit fan it Sineeske Liyang. Dy awards waarden beskikber steld troch Wetterskip Fryslân.

Op it strân fan De Lemmer wie ek in wedstriid foar skoalbern mei miny-solarboaten dy't se makke hiene fan lege flessen, pypskom of bierblikjes. Tiisdei stiet de earste etappe fan 60 kilometer op it programma, se farre dan fan De Lemmer nei Drachten. De Dutch Solar Challenge wurdt foar de 6e kear hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)