Provinsje net bliid mei problemen Skarsterrynbrêge

04 jul 2016 - 21:02

De provinsje is min te sprekken oer de problemen mei de Skarsterrynbrêge. Deputearre Poepjes wol nei it reses dan ek yn petear mei minister Schultz van Haegen fan Ynfrastruktuer. De provinsje makket him foaral soargen oer de folsleine berikberens fan ús provinsje. Nei de problemen by de brêgen yn de Ofslútdyk, wie it moandei en sneon mis mei de brêge oer de Skarster Rien. In pear jier lyn is der in fûle lobby fierd om it ryk safier te krijen dat der jild foar in akwadukt komme soe, mar dy plannen binne yn Den Haag sneuvele.

Neffens deputearre Poepjes kin it net sa wêze dat der yn de provinsje grutte knyppunten lykas de rotonde by De Jouwer en de flessehals by Harns wol oanpakt wurde en dat it ferkear dan even letter foar in stikkene brêge stil stiet. ''We moatte derfan op oan kinne dat de brêgen wurkje, want we moatte berikber bliuwe", sa seit de deputearre.

Warskôge

Fiif jier lyn is it Ryk al warskôge foar de minne steat fan de brêge oer de Skarster Rien, de minister hie dizze problemen dan ek ferwachtsje kind. Se sil de minister dan ek oproppe om de ryksynfrastruktuer op oarder te bringen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)