Bêste Fryske terras: 't Gerecht op It Hearrenfean

04 jul 2016 - 20:07

It terras fan restaurant 't Gerecht op It Hearrenfean is it bêste Fryske terras yn de Misset Horeca Terras Top 100, sy einigen op it achtste plak. Winner fan 2016 wie it terras fan 'Het Hoolhuis' yn Roosendaal. Alle terrassen waarden besocht troch stikeme gasten dy't rapport útbrochten. Dêrfan bleaune úteinlik 135 terrassen oer dy't yn de twadde omloop besocht waarden troch in faksjuery.

Mei de útbaters fan de sân bêste terrassen waarden ek noch petearen fierd oer ûnder oare it belied, de fyzje en de bedriuwsfiering. Utsein 't Gerecht stean der noch acht Fryske terrassen yn de top 100.

12 'De Dining' Flylân
16 'De Walrus' Ljouwert
27 'Bommel' Snits
34 'De Buurman' It Hearrenfean
36 'Nobel' Ballum
47 'De Walrus' Snits
53 'Onder de Linden' Snits
67 'Fellini' Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)