Grûn fan fuotbalfjild Burgum is offisjeel oerdroegen

04 jul 2016 - 19:20

De grûn fan it fuotbalfjild fan VV Burgum en BCV sil brûkt wurde troch ûnder mear de boarterstún 'Boartersplak' yn Feanwâlden en fytsklup FCC De Heideklup út Noardburgum. De fuotbalklups moatte fan de grûn ôf omdat se in keunstgersfjild krije. De gemeente organisearre moandeitemiddei in offisjeel momint foar de oerdracht fan de grûn. De provinsje is ek by it projekt 'Grip op Grond' belutsen. De gebietsûntwikkeling fan de Sintrale As sil de boppegrûn fan it fuotbalfjild útgrave.

De provinsje en gemeente Tytsjerksteradiel wolle de grûn sa ekonomysk ynsette. Boarterstún Boartersplak' yn Feanwâlden en de fytsklup FCC De Heideklup út Noardburgum kinne de grûn goed brûke by de ûntwikkeling fan harren terrein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)