Steatssekretaris Dekker wol fúzjes skoallen makliker meitsje

04 jul 2016 - 19:09

Steatssekretaris Sander Dekker wol it makliker meitsje foar iepenbiere en kristlike skoallen om te fusearjen. Se meie dan tenei sawol kristlik as iepenbier ûnderwiis jaan, no moatte se nei in fúzje kieze foar it iene of it oare. Dekker hat hjirfoar moandei in wetsfoarstel nei de Twadde Keamer stjoerd. De nije wet moat benammen de oplossing wêze foar it behâld fan skoallen yn lytse doarpen yn krimpgebieten.

Lytse skoallen fan ferskillende sinjatuer dy't no al ûnder ien dak sitte, moatte by in fúzje no noch aparte klassen foar kristlik en iepenbier ûnderwiis oanbiede en in dûbele administraasje byhâlde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)