Tsjalk omslein by Starum

27 apr 2012 - 13:52

Op de Iselmar by Starum is freed oan it begjin fan 'e middei de tsjalk Vertrouwen fan De Gaastmar mei trettjin opfarrenden omslein. Dat meldt de plysje. De rêdingsboat fan De Lemmer, dy't by tafal yn de buert wie, seach dat it barde en helle de drinkelingen út it wetter. De tsjalk is sonken.

Alle opfarrenden binne oerbrocht nei de haven fan Starum. Ien fan harren wie wat ûnderkuolle. In oare opfarrende is mei in kniesde knibbel oerbrocht nei it sikehûs fan Snits.

Rykswettersteat hat it plak dêr't de tsjalk leit it ôfset mei boeien. De tsjinst ûndersiket fierder ek de mooglikheden om it skip sa gau mooglik te bergjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)