Abe Lenstrastadion krijt spesjale blinetribune

It Abe Lenstrastadion © Google Streetview
It Abe Lenstrastadion krijt takom seizoen in tribune, spesjaal foar minsken dy't blyn binne of hiel min sjogge. Der komme flakby it fjild fjirtjin plakken, dy't maklik berikber binne. Minsken kinne mei in koptelefoan op de wedstriid folgje. Twa kommentatoaren sitten op de parsetribune en dogge wiidweidich ferslach fan de wedstriid. Dat kommentaar is ek oars as in radioferslach, de wedstriid wurdt mear yn bylden beskreaun.
De ôfrûne moannen is de helberheid fan de tribune ûndersocht en de konklúzje is lutsen dat it mooglik is. Twa frijwilligers fan Visio Revalidatie & Advies út Ljouwert sille de besikers begeliede.
'Iedereen bij onze club betrekken'
Linda Steen, koördinator maatskiplike belutsenheid leit út wêrom't SC Hearrenfean it sa belangryk fynt dat der in tribune foar minsken mei in fisuele hendikep komt:  ''Wij zijn meer dan alleen een voetbalclub en willen graag iedereen bij onze club betrekken. Daarnaast vinden we het belangrijk dat ons stadion toegankelijk is voor iedereen, dus ook voor de blinden en slechtzienden. De afgelopen periode hebben we de haalbaarheid onderzocht en we zijn tot de conclusie gekomen dat het mogelijk is in het Abe Lenstra stadion. Een mooie ontwikkeling!'