Kabouters by bernebuorkerij Doniastate yn Stiens fernield

04 jul 2016 - 17:46

Bernebuorkerij Doniastate yn Stiens is slachtoffer wurden fan fernielings. Unbekenden hawwe kabouters út it kabouterbosk fan de bernebuorkerij meinommen, oare kabouters binne fernield. Yn de omjouwing waarden stikkene kabouters werom fûn. Doniastate hat oanjefte dien by de plysje. By de bernebuorkerij wurkje in soad minsken mei in ferstanlike beheining. Dy minsken binne bot oandien troch de fernielings.

Der wurdt troch de plysje al surveillearre rûnom it bosk, mar Doniastate soe wol mear kontrôle wolle. "We hawwe krekt it bosk wer op oarder, mei nije kabouters en alles wer kreas en dan oerkomt ús dit. Ik fyn it tryst dat je dit de minsken oandogge. Njonken de materiële en finansjele skea is it benammen de emosjonele skea dy't slim is foar ús kliïnten."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)