Ried Opsterlân nimt moandei beslút oer húsfesting skoallen

De ried fan Opsterlân nimt moandeitejûn in beslút oer it húsfestingsplan foar de skoallen yn de gemeente. It kolleezje fan b. en w. stelt foar om foar de ferbou 'De Librije' op De Gordyk en de nijbou fan 'De Twirre' fan Oerterp beide in miljoen euro beskikber te stellen. Foar de oanpak fan de boargemaster Harmsmaskoalle op De Gordyk wurdt 3,7 miljoen euro frege. Oan dy skoalle is de lêste jierren neat dien, omdat de beslútfoarming oer de kombinaasje mei De Skâns lang duorre hat.
De skoalle wurdt ûnderdiel fan it nije sintrum De Skâns, dêrtroch kinne guon romten multyfunksjoneel brûkt wurde en kin der effisjinter boud wurde.