Auto diele mei buorlju hieltyd populêrder

© Omrop Fryslân
Yn Ljouwert diele hieltyd mear minsken in auto mei immen út de strjitte of wyk. Benammen yn it Julianapark is it autodielen populêr. Yn Ljouwert diele no 284 minsken in auto en dat is 74% mear as in jier lyn. De stiging komt benammen troch de entûsjaste ferhalen fan minsken dy't it al dogge.
De wichtichste motivaasje om in auto te dielen: it is goedkeap, mar ek it sosjale aspekt spilet in belangrike rol. Minsken komme mei oaren yn 'e kunde en fine it plezierich om elkoar te helpen.