Problemen tusken Grins en Súdhorn oplost, treinen ride wer

04 jul 2016 - 15:53

Treinreizgers fan Grins yn 'e rjochting fan Ljouwert moasten moandeitemiddei rekken hâlde mei ekstra reistiid. Fanwege in steuring koenen der gjin treinen ride tusken Grins en Súdhorn.

Arriva hie bussen ynset om de reizgers dochs noch op har bestimming te krijen. Om fiif oere hinne wie de steuring oplost en is de tsjinstregeling wer oppakt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)