Feanster tsiisfabryk ûntromme nei gemyske reaksje

04 jul 2016 - 14:11

In gemyske reaksje hat moandeitemiddei soarge foar in ûntromming by in tsiisfabryk oan de Venus op It Hearrenfean. Troch ûnbekende oarsaak kamen der twa stoffen byinoar en dêrtroch ûntstie der in giftige damp. De meiwurkers binne dêrnei út de tsiismakkerij gien.

De oproppen brânwacht hat de stof fertinne mei wetter en it gebou fentilearre. Dêrnei koe der wer wurke wurde. Neffens de brânwacht is de damp yn de tsiismakkerij bleaun en hat der gjin gefaar west foar de omjouwing.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)