"Pilgrims moatte net nei Santiago mar nei Sint-Jabik"

© OPB, Jeltje Wissman-Ferwerda
Pilgrims moatte yn 2018 net nei Santiago de Compostela rinne, mar krekt nei Sint-Jabik. Dat seit de nije stichting Santiago aan het Wad, dy't opset is fanút Stichting Inspirerend NO-Fryslân, it pilgrimsynformaasjesintrum De Groate Kerk, it Kultureel Sintrum De Groate Kerk, en it Nederlandse Genootschap fan Sint Jacob.
De inisjatyfnimmers wolle har oanslute by Kulturele Haadstêd 2018 en ferskate aktiviteiten organisearje. Bygelyks in Ynternasjonaal Jacobsfestival op 25 july 2018.
Neffens de stichting slút de pilgrimsaksje oan by de 'Mienskips'-fisy en bidbookprojekten fan Ljouwert KH 2018. It projekt kostet yn totaal sa'n 150.000 euro, wêrby't al rekken hâlden is mei de ynset fan tsientallen frijwilligers. Finansjele stipe wurdt socht by lanlike en regionale oerheden en ynstellingen.