Skiedsrjochterteam mei Zeinstra hellet EK-finale net

04 jul 2016 - 12:10

It skiedsrjochtersteam fan Björn Kuipers, mei dêryn ek Erwin Zeinstra fan Dronryp, is troch de UEFA nei hûs ta stjoerd. Se binne klear mei it EK. Dit betsjut dus ek dat de EK-finale troch in oar fluite wurdt. Team Kuipers hie de lieding oer de groepsfazewedstriden tusken Dútslân en Poalen, en tusken Kroäsië en Spanje.

Ek mocht it team de kwartfinale tusken Frankryk en Yslân fluitsje. "Dit is ontzettend balen" sa seit Kuipers tsjin de KNVB. "We hadden het doel om de finale te halen en dat is helaas niet gelukt."

"De trots over onze prestaties op dit EK komt misschien op een later moment. Nu heerst vooral de teleurstelling", sa seit Kuipers.

Ferslachjouwer Arjen de Boer wie moandeitemiddei by âld-skiedsrjochter Jan Dolstra doe't dy berjocht krige fan in teloarstelde Erwin Zeinstra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)