Meiwurkers Kijlstra Drachten ride yn firtuele ambulânse

04 jul 2016 - 12:02
  • In meiwurker fan Kijlstra rydt yn in firtuele ambulânse

Ambulânsemeiwurkers fan Kijlstra yn Drachten krije tenei in part fan harren oplieding net yn in echte ambulânse, mar yn in firtuele. Se krûpe derfoar efter in kompjûter en krije in Virtual Reality-bril op. Dy bril soarget foar in 360 graden film om harren hinne, wêrmei se in oantal ritten yn de sabeare ambulânse meitsje.

Neffens direkteur Sietze Kielstra kinne se sa folle mear situaasjes oefenje as by in echte trainingsrit. In part fan it filmke dêr't se mei traine is, stiet ek op Youtube.

Kijlstra wol sa besykje wat mear begryp te krijen fan it grutte publyk foar it wurk dat de ambulânseteams dogge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)