Vitens warskôget foar gefaren drinkwetter yn bûtenlân

Kraanwetter © Omrop Fryslân, Karen Bies
Wetterbedriuw Vitens wol minsken better ynformearje oer de gefaren fan drinkwetter yn it bûtenlân. Se hawwe dêrom de webside waterinhetbuitenland.nl opset. Ut ûndersyk fan TNS Nipo yn opdracht fan Vitens docht nammentlik bliken dat mear as de helte fan de Nederlanners noed hat oer it wetter op harren fakânsje-adres.
Minsken binne benaud om siik te wurden. Dochs brûkt 83 prosint fan de minsken kraanwetter om de tosken te poetsen. En dat is neffens it wetterbedriuw opfallend, want fan smoarch kraanwetter kin men goed siik wurde.
De wetterkwaliteitsdeskundigen fan Vitens hawwe in list opsteld mei de bêste en minste kraanwetterlannen yn de wrâld. Ut dizze list docht bliken dat benammen reizgers nei Yndia en Egypte oppasse moatte.
Minste kraanwetter:
1 Yndia
2 Egypte
3 Sierra Leöane
4 Sambia
5 Tsjaad
Bêste kraanwetter:
1 Nederlân
2 Switserlân
3 Noarwegen
4 Lúksemboarch
5 Eastenryk