Friezen bringe graach besite oan museum

04 jul 2016 - 11:24
  • It Fries Museum

In besite oan in museum is populêr by Friezen, dat docht bliken út in enkête fan ûndersyksburo SAMR yn opdracht fan de BankGiro Loterij. Sa'n 41 prosint fan de Friezen giet it leafst nei in museum, as se wat kultureels dwaan wolle. Friezen jouwe yn trochsneed sa'n 165 euro yn it jier út oan kulturele aktiviteiten.

It lanlik gemiddelde leit mei 198 euro in stikje heger. Yn totaal dogge Friezen krekt wat faker as fiif kear yn it jier wat kultureels. Friezen soene wol mear dwaan wolle, mar de priis is faak de grutste stroffelstien.

Yn it ûndersyk is ek sjoen nei de meast populêre kulturele útstapkes yn Fryslân:

* It meast favorite museum yn Fryslân is it Fries Museum yn Ljouwert
* Njonken musea binne de poadiumkeunsten it populêrst mei 30 prosint
* 27 prosint fan de minsken seit dat se it leafst in musical besykje as kultureel útstapke
* 46 prosint fan de Friezen is tefreden oer it kultueroanbod yn de provinsje. Lanlik leit dit op 51 prosint.
* Grutste ergernissen by in kultureel útstapke binne foar de Friezen: djoere yntree, asosjale minsken en drokte

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)