Ekstra etappe Fjouwerdaagse Nijmegen start yn Ljouwert

04 jul 2016 - 10:21
  • Fjouwerdaagse fan Nijmegen

De Fjouwerdaagse fan Nijmegen set dit jier yn Ljouwert útein. It giet dan net om de offisjele tocht dy't alle jierren yn de omkriten fan de Gelderske stêd kuiere wurdt, mar om in ekstra etappe fanút alle provinsjehaadstêden. De ekstra etappe wurdt organisearre yn it ramt fan it 100-jierrich bestean fan de tocht.

Yn totaal 45 kuierders sette op sneon 9 july yn Ljouwert te foet útein nei Nijmegen. Yn rom in wike tiid moat de 274 kilometer lange tocht folbrocht wurde. Deputearre Michiel Schrier jout it startskot.

De offisjele Fjouwerdaagse fan Nijmegen start op 19 july. Ut Fryslân wei dogge 429 manlju en 415 froulju mei oan de tocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)